Henk Veerman bliuwt by SC Hearrenfean

Henk Veerman bliuwt foarearst by SC Hearrenfean. De klup meldt op syn website dat de spits yn elts gefal noch twa seizoenen by de Feansters bliuwt. Syn kontrakt rint no oant de simmer fan 2019.
Technysk manager Gerry Hamstra is bliid dat Veerman bliuwt: "Hij heeft zijn waarde bewezen en we hebben er vertrouwen in dat hij dat ook in de toekomst gaat doen."
It kontrakt fan Veerman soe healwei dit jier ôfrinne. Supporters fan SC Hearrenfean begûnen op ynternet in petysje om de spits te behâlden foar de klup.