Cambuur giet fol foar winst tsjin Volendam

17 mrt 2017 - 13:24

Cambuur spilet snein de topper yn en tsjin Volendam. Beide ploegen stean yn de top fiif. Volendam hat ien punt (53) mear as Cambuur (52). Neffens Cambuur trainer Sipke Hulshoff gean de Ljouwerters net foar ien punt nei Volendam, mar sil der fol op de winst spile wurde. Cambuur doch dat yn in 4-3-3 opstelling. Martijn Barto keart werom yn de spits en achteryn sintraal stiet Matthew Steenvoorden neist Robbert Schilder. Stefano Lilipaly, útblinker tsjin FC Oss, begjint ek yn de basis, lykas as Xander Houtkoop.

Opstelling Cambuur: Zeinstra; Peersman, Schilder,Steenvoorden,Van Deelen; Monteiro, Bakker, Van de Streek; Houtkoop, Barto, Lilipaly.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)