GB: "Hoe giet it mei it wurk oan it Europaplein?"

17 mrt 2017 - 12:14
Start werynrjochting Europaplein - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De fraksje fan Gemeentebelangen yn de gemeenteried fan Ljouwert wol witte hoe't it giet mei de werynrjochting fan it Europaplein. Earder dizze moanne hie de partij in ynrinjûn organisearre foar omwenners. Dy klagen ûnder oare oer skuorren yn de muorren en ferkearsoerlêst troch de bouwerij.

Gemeentebelangen wol witte oft it projekt op skema leit en oft de flats by it Europaplein noch wol goed berikber binne. Fieder freget de partij him ôf oft der boppe yn de flats trillingmjitters pleatst binne, lykas dat op de ûnderste ferdjipping dien is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)