Telefoansteuring by Antonius Sikehûs

17 mrt 2017 - 12:14

It Antonius Sikehûs yn Snits is sûnt in oere as tsien fan 'e moarn telefoanysk net berikber op de fêste nûmers. Der is in steuring fan Ziggo. De meiwurkers fan it sikehûs kinne sels ek net belje mei de fêste telefoan. It sikehûs hat it "needplan berikberens" út de kast helle. Dat bestjut dat minsken dy't mei it sintrale nûmer fan it sikehûs belje, automatysk trochskeakele wurde nei in mobyl nûmer. Dat jildt ek foar it nûmer fan de earste-hert-help en oare wichtige nûmers.

In wurdfierder fan it sikehûs neamt it hiel ferfelend dat it Antonius op it stuit minder goed berikber is. It sikehûs kin net sizze hoe lang de steuring noch duorret. Ziggo is dwaande it probleem op te lossen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)