Definitive Fryske ferkiezingsútslach: 1 CDA, 2 VVD, 3 PVV

17 mrt 2017 - 11:20

Yn Fryslân hat goed 82% fan de stimberjochtigen woansdei te stimmen west. Dat docht bliken út de definitive útslach fan de ferkiezingen. It CDA is de grutste partij wurden yn Fryslân, folge troch de VVD en de PVV.

De Partij van de Arbeid is nei de ferkiezingen de sânde partij yn de provinsje. Fan de Fryske kandidaat-keamerleden krige CDA-er Esther Hanemaaijer de measte foarkarstimmen (8009), folge troch Harry van der Molen (7654), ek fan it CDA.

De Fryske gegevens wurde no nei Den Haag stjoerd, dêr't op 21 maart de definitive útslach fan it hiele lân bekendmakke wurdt.

Noch wat sifers op in rychje:
Oantal útbrocht stimmen yn Fryslân: 413.644
Opkomst: 82,22%
Stimmen foar it CDA: 78.348
Stimmen foar de VVD: 70.323
Stimmen foar de PVV: 46.494
Stimmen foar de PvdA: 34.672

Foarkarstimmen:
Esther Hanemaaijer (CDA): 8009
Harry van der Molen (CDA): 7654
Isabelle Diks (GrienLinks): 4504
Christa Oosterbaan (PvdA): 4357
Aukje de Vries (VVD): 3651
Gerben Huisman (ChristenUnie): 1291
Foppe de Haan (PvdA): 337
Fenna Feenstra (SP): 1901
Rinie van der Zanden (PvdD): 255
Jacques Monasch (NIEUWE WEGEN): 937
Jan Dijkgraaf (GeenPeil): 165
Theun Wiersma (50PLUS): 1202

Op de webside fan de gemeente Ljouwert stean alle sifers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)