Noardeast-Fryslân nije namme foar fúzjegemeente

17 mrt 2017 - 11:09

En it is wurden: Noardeast-Fryslân. Under dy namme sil de nije fúzjegemeente besteande út Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân troch de tiid gean. Op 1 jannewaris 2019 fynt de bestjoerlike fúzje plak.

Freedtemoarn waard de namme bekendmakke troch boargemaster fan Kollumerlân en foarsitter fan de nammekommisje Bearn Bilker. 26.000 ynwenners fan de fúzjegemeenten brochten woansdei har stim út, tagelyk mei de Twadde Keamerferkiezingen. Der koe keazen wurde tusken Ie- en Lauwerslân, Dokkumerlân en Noardeast-Fryslân.

Filmpke fan gemeente Noardeast-Fryslân:

Opfallend is dat by de risseltaten de namme Noardeast-Fryslân mei mear as 17.000 stimmen fier boppe de oaren útstuts. Dêrnei folgen Dokkumerlân mei 5.262 stimmen en Ie- en Lauwerslân mei 3.309 stimmen.

(advertinsje)
(advertinsje)