GrienLinks wol garânsjes foar in feilige REC yn Harns

17 mrt 2017 - 10:55

De fraksje fan GrienLinks yn Provinsjale Steaten wol witte oft der op dit stuit garânsjes binne dat de ôffalferbaarning by de REC yn Harns feilich bart. GrienLinks stelt fragen oan Deputearre Steaten, omdat Omrin as eigener in nije fergunning oanfrege hat.

Oanlieding is de fêststelling dat de ôffaloven 30% mear reekgas útstjitten hat as yn de besteande fergunning tastien is. GrienLinks wol witte hoe't dy ôfwiking ûntstean koe en wa't derfoar ferantwurdlik is.

Boppedat is it neffens de partij de fraach wêrom't de provinsje as fergunnintferliener tastien hat.

De nije fergunningsoanfraach foar de REC is by de provinsje binnenkaam. Dat meldt de foarljochter. Deputearre Schrier wol en kin noch net reagearje op de fragen fan Grien Links omdat de fergunning no yn de proseduere sit. De fragen dy't de Grien Links fraksje skriftelik steld hat wurde noch besjoen.

Trefwurden: 
REC Harns GrienLinks
(advertinsje)
(advertinsje)