Kollum: "SRV"

"De SRV-man. Kinne jo him noch? De man dy't alles fan it doarp wit. As de SRV-man it net wit, is it ek net bard. De SRV-man. Rammeljend de strjitte yn mei de lege flessen yn kratsjes achterop syn wein. Leve de man van de SRV van je hieperdepiep hoeree.
De SRV-wein is in Fryske útfining en hat troch hiel Nederlân sukses hân. Op it hichtepunt rieden der wol twatûzen fan troch ús lân, no noch amper twahûndert.
Ik wit net mear sa folle fan de SRV dy't by ús yn De Rottefalle yn de strjitten stie, útsein dat hy trekdrop hie. Dêrom frege ik op sosjale media: kinne jim de SRV-man noch? Ik krige entûsjaste reaksjes út it hiele lân. Fan de Achterhoek oant Vlissingen. Jaseker, wisten minsken it noch.
Wêr't se dan oan tochten, frege ik. No, oan flessen mei molke, hangop en fla, en dat je de flessen yn it kratsje op de stoepe brânskjin wêr werom krigen, mei de rubberen flesseskrabber der yn. It boadskippebriefke yn de hals fan de flesse. Ytber papier, fiif feltsjes foar tsien sint, de smoarge ranja, superswiete lollys, hite kauwgomballen, soere matten en skûmblokken. Ik bin dus net de iennige dy't oan snobbersguod tinkt by de SRV-wein.
Ien skreau my in anekdoate: 'Ik stond me in de wagen te vergapen aan het ruime assortiment en was diep onder de indruk van de SRV-man die in zijn stofjas minzaam een praatje maakte met mijn oma. Ik vond hem zo áárdig voor een superster. Want het was duidelijk dat die man een droombaan had waar iedereen jaloers op was. Ik herinner me royaal uitgeelde dropsleutes, banaantjes met suiker aan de buitenkant of winegum-maantjes, waarmee de versmobielondernemer zich positief onderscheidde van de rest van de middenstanders, die met een laf stukje leverworst of hooguit één kokindje of tumtummetje aan kwamen zetten.'
Spitich dochs, dat dizze "supersterren" stadichoan út it byld ferdwine. Ja, yn Tsjerkwert rydt der noch in lêste der mohikanen, ha 'k heard, en yn Snits en yn Drachten en noch in hân fol doarpen. Koesterje dy hannel, soe ik sizze.
No tocht ik, yn in tiid fan de partisipaasjemaatskippij, yndividualisme, krimpdoarpen en ferlet fan lytsskaligens, én yn it ramt fan de romantyk: kinne we de SRV-man net massaal werom crowdfundzje yn Fryslân? Dan moat it wol in SRV-wein 2.0 wurde fansels. In bytsje fungearje as mantelsoarger, byb en postkantoarke. De bank kin der ek wol yn. It wurdt in moderne elektryske wein mei farske suvel, farsk fleis en farske griente fan it seizoen, fan boeren út de buert.
Oare lokale produkten sa as sûkerbôle en oranjekoeke binne der ek te krijen. Ambachtlik iis fan de boer yn de simmer, en breiden sokken, moffen en sjaals fan breidzjende superbeppes yn de winter. Ruften, sûkelarje en stokjes foar tusken de eachleden foar nijbakken heiten en memmen, Fryske bierkes en húsmakke woarsten foar fynpriuwers.
In pear sinnepanielen op it dak, foar it espressoapparaat. Kinne je elkoar by in bakje noch ris yn de eagen sjen. Moast ris sjen, aansten is Tinder en Grindr en Second Love net mear nedich. De SRV-man soarget foar de romantyk. Minsken gean de strjitte wer op, en prate wer ris mei elkoar en wurde fan skrik wer in hechte mienskip.
In mins mei dreame, dochs? De SRV as superferbiner. Wat de polityk net slagget, kin de SRV-superman wol. Ja, ik sjoch it al hielendal foar my. Jo ek?"
Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.