Kollum: "Yn 'e krante"

16 mrt 2017 - 00:00

"In kollum, op de moarn NEI de ferkiezingen. In moai putsje foar my.

Wat falt der nog te sizzen troch in columnist, op dit momint. De útslach wurdt dúdlik, we sitte yn it each fan de stoarm, mei alle debatten, diskusjes en mieningen yn de oanrin nei de ferkiezingen achter ús, en it oansteande gedoch fan de formaasje fan in nij kabinet foar ús. Dus op it stuit is der net safolle te sizzen.

No ja.

Ien ding fernuveret my al in pear dagen. Ik ha it earst negearre, mar dat slagge justerjûn net langer.

Ja ja, it is wer ris sa fier. De bûtenlânske parse hie in eachje op Nederlân. En dat… dat is hjir nijs! Krekt wannear't je tinke, we wurde hjir folwoeksen en ha in reedlik kreaze ferkiezingsperioade, en in tige profesjoneel slotdebat, ûnder lieding fan de tûkste nijspresintator dy’t we ha, ja we ha ús saakjes op oarder, en we ha in normale "nieuwsgaring", dan krije we altyd wer dat infantiele gegriem. Jonges, we stean yn ‘e krante!

Jesse Klaver fan GroenLinks stie yn de Guardian. Geert Wilders wie op de BBC. Dútske korrespondinten, de Financial Times, de Noarske en sels de Australyske publike omrop: neam it mar op. Kameraploegen oeral en dêr stjoere wij wer ús kameraploegen op ôf.

Wat binne we úteinlik dochs lytse bern. Ik snap wol dat Nederlân ien fan de saaiste lannen op de wrâld is. Oerstreamingen damme we hjir op ‘e tiid yn, treinrampen falle hjir altyd ta, hongersneden en grutte droechtes binne lang lyn, en der stoarte hjir amper bussen fol toeristen yn ôfgrûnen. Dus wannear komt der no ris nijs út ús lân.

No, wannear't der in populist heech yn de peilingen stiet. Dan. En dan binne ús ferkiezingen ek nog ris de earsten yn in rige yn Europa: letter dit jier folgje Frankryk en Dútslân, en se wolle op de hiele wrâld wolris witte wat der hjir bart, nei Brexit en Trump.

Dat fine wij wol leuk. Dat dy kamera’s ris op ús stean. Niks Calvinisme, kom mar hjir mei die mikrofoan. Us eigen ferkiezingen krije pas echt gewicht wannear't de Frânske, Dútske, Ingelske en it leafst ek de Amearikaanske televyzje it covert. Neat ‘doch dyn plicht en lit de lju mar rabje’, nee: ‘de lju moatte rabje, pas dan dogge wij ús plicht’!

Der is sa’n nijsgjirrige filosofyske fraach. Stel dat der in beam omfalt, djip in in bosk. Sa djip in it bosk, dat net ien it heard hat. Hat de beam dan lûd makke?

Mar.. It is net allinnich mar ferkeard. De opkomst wie juster heech, en miskien komt dat wol omdat we it gefoel ha dat it der ta docht. Sels wannear't der mar ien prosint ekstra fan de stimmers kommen is om’t de ynternasjonale eagen op ús rjochte stiene, dan fyn ik it al bêst. Vreemde ogen dwingen.

En dizze columnist docht der fansels like hurd oan mei: wer in beam dy’t mei goed gerûs delfallen is. Lekker op de radio bij de omrop. Lit de stoarm mar komme."

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)