Fakbûn FNV: situaasje by Trajectum "onacceptabel"

17 mrt 2017 - 07:26

De situaasje by soarchynstelling Trajectum is "onacceptabel". Dat seit Camara van der Spoel fan fakbûn FNV. Troch ûnderbesetting is de wurkdruk te heech, en dat smyt gefaarlike situaasjes op. Earder dizze wike oerhandigen de wurknimmers in swartboek oan de rie fan bestjoer tidens in emosjonele gearkomste.

Trajectum is in soarchynstelling mei alve lokaasjes yn it noarden en easten fan it lân en bedoeld foar pasjinten mei slimme gedrachsproblemen of mei psychiatryske klachten. Neffens it fakbûn FNV is de tiid fan praten oer en moat de ried fan bestjoer no yn aksje komme.

Oant no ta binne der neffens it fakbûn gjin strukturele maatregels naam. Trajectum seit dat der gjin personielstekoart is. Yn Fryslân hat de soarchynstelling lokaasjes yn Appelskea, Easterstreek en Ravenswâld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)