Ledetal KNKB rint dramatysk werom: roer moat om

16 mrt 2017 - 22:59

It is fiif foar tolven foar it keatsbûn KNKB. Gemiddeld sizze alle jierren sa'n 200 keatsers harren lidmaatskip op. "De is tiid is feroare", sei direkteur Geert Faber fan it keatsbûn tongersdeitejûn op de algemiene ledegearkomste fan de KNKB. "Keatsen moat 'fun' wêze. De sporter is feroare. Dy hat oare winsken. Dêr sille wy op ynspylje moatte. Dat wurdt dé útdaging foar de hjoeddeiske bestjoerders."

Dochs is Faber striidber: "Neat dwaan is gjin opsje. Wy moatte hjirmei oan de gong."

Trefwurden: 
KNKB keatsen
(Advertinsje)
(Advertinsje)