Studinten klear foar staazje op Tall Ship 'Christian Radich'

Goed 50 treddejiers studinten van de Maritieme Academie yn Harns sile nije wike mei op de Christian Radich. Dat is in Noarsk Tall Ship fan 63 meter lang dat boud is as opliedingsskip. Yn it fjirde jier moatte de studinten in kar meitsje tusken seefeart of binnenfeart.
Om dy kar meitsje te kinnen sille se seis dagen mei de Noarske bemanning allegear putsjes dwaan oan board. Sa krije se in foarpriuwke fan hoe't it is om op in grut sylskip te farren.
Moandei gean de trossen los en sile se, ôfhinklik fan de wyn, de Noardsee op nei Ingelân of nei Denemarken. Treddejiers studint Vico Rolie sjocht it wol sitten: "Bij zeevaart heb je altijd golven, dan beweegt het schip ook. Dan merk je dat je echt op een schip zit. Daarom vind ik het op een zeeschip veel leuker." Ek Harmen Brouwer, begelieder fan de studinten is der klear foar: "Ik sei krekt al tsjin Vico, we stiene op it skip en dan begjint it al te kribeljen, en we seine tsjin elkoar: wie it mar moandei."