Kempingwinkels yn Achtkarspelen dochs iepen op snein

16 mrt 2017 - 22:32
(foto-ympresje)

Winkels op campings en rekreaasjeterreinen yn de gemeente Achtkarspelen meie tenei ek op snein iepen. Dat moat it toerisme befoarderje. Foar de hoareka en museumwinkels jildt sa'n útsûndering.

De gemeenteried fan Achtkarspelen hat unanym ynstimd mei in frijstelling foar dizze ûndernimmers. Dêrmei wurdt in útsûndering makke op de ôfspraken yn it koälysjeakkoart. Dêryn is ôfpraat dat der gjin sneinsiepenstelling komt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)