Harns ûndersiket oft der ferlet is fan 'tiny houses'

16 mrt 2017 - 22:11
In foarbyld fan hoe't tiny houses derút sjen kinne - Foto: Gerard Dijkstra

Harns sil ûndersykje oft der ynteresse is foar saneamde 'tiny houses' yn de gemeente. De gemeenteried hat it kolleezje fan B. en W. dêr tongersdei opdracht foar jûn. Njonken de ynventarisaasje oft der fraach is nei de tiny houses wurde ek de mooglike lokaasjes fan de tiny houses ûndersocht. In tiny house is in lyts húske, enerzjy-sunich, duorsum, mar toch mei alles deryn wat in minske noadich hat.

Yn de gemeenten Tytsjerksteradiel en Ljouwert wurde nei alle gedachten ek in oantal tiny houses boud.

Trefwurden: 
tiny house Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)