Acht Caparisgemeenten prate wer oer werstrukturearring

17 mrt 2017 - 06:00
Sosjale wurkfoarsjenning Caparis - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Freedtemiddei komme de acht gemeenten dy't gearwurkje yn Caparis wer byelkoar. Begjin maart ûntstie twaspjalt neidat fjouwer fan harren - Ljouwert, Achtkarspelen, East- en Weststellingwerf - bekendmakken dat se per 1 april de grienwurkers fan Caparis yn gemeentlike tsjinst nimme sille.

De oare fjouwer (Tytsjerksteradiel, Hearrenfean, Opsterlân en Smellingerlân) fielden har bot oerfallen en ek de gemeenteried fan Ljouwert hie stevige krityk op de wize fan kommunisearjen.

Trefwurden: 
Caparis
(Advertinsje)
(Advertinsje)