Fergees nei de thúswedstriden fan LSC 1890 yn Snits

16 mrt 2017 - 20:51

Publyk fan de thúswedstriden fan de Snitser fuotbalklup LSC 1890 hoecht tenei gjin entreejild mear te beteljen. Hjirmei hopet de klup noch mear publyk te lûken. Der binne no noch minsken dy't nei in healoere komme, omdat it dan fergees is. De wedstriden fan LSC lûke no ek al in soad publyk, mar der kinne altyd mear by.

De direkte ynkomsten kin de klup wol misse. Boppedat hoopje se dat it publyk nei de wedstriid noch even hingjen bliuwt yn de kantine.

Trefwurden: 
Snits fuotbal LSC 1890
(Advertinsje)
(Advertinsje)