Ljouwerter plysje pakt man op foar ferbean wapenbesit

© ANP
De Ljouwerter plysje hat tongersdei op de Wurdumerdyk in man oanhâlden op fertinking fan wapenbesit. De plysje krige in melding dat der op de Weaze ien rinne soe mei in wapen.
De fertochte koe op de Wurdumerdyk pakt wurde. Ek in tal oare persoanen is kontrolearre. Der is lykwols gjin wapen fûn. De fertochte is meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk.