Frou bedarret mei de auto op de kop yn parkearlift

16 mrt 2017 - 20:27
De auto bedarre op de kop yn de parkearlift - Foto: De Vries Media

In 87-jierrige frou út Easterwâlde is tongersdeitejûn yn har wenplak ferwûne rekke doe't se mei har auto ûndersteboppe yn in parkearlift telâne kaam. De helptsjinsten kamen om de frou te helpen en ek in traumahelikopter waard oproppen. It slachtoffer is mei ferskate breuken nei it sikehús brocht. De plysje ûndersiket hoe't de frou yn de parkearlift bedarre is.

Trefwurden: 
parkearlift Easterwâlde
(Advertinsje)
(Advertinsje)