Selstraffen easke tsjin oerfallers coffeeshop yn Wolvegea

Tsjin de fjouwer fertochten fan de oerfal op coffeeshop Dikrayaat yn Wolvegea binne straffen oant fjouwer jier easke. De trije manlju út Den Haag en in man sûnder fêst wenplak hawwe yn jannewaris ferline jier de coffeeshop mei in soad geweld oerfallen. Se bedrigen dêrby it personiel fan de coffeeshop mei in nepwapen dat op in kalashnikov like.
Besikers dy't yn de coffeeshop oanwêzich wiene, waarden mei in protte geweld út it gebou jage. It fjouwertal makke jild en drugs bút.