Bern reizgje folle selsstanniger mei de OV-coach-app

16 mrt 2017 - 18:23

Yn de gemeente Tytsjerksteradiel reizgje folle mear learlingen fan it spesjaal ûnderwiis selsstannich nei skoalle as yn de rest fan it lân. Sa'n 18% fan de learlingen dy't rjocht hat op learlingeferfier, reizget selsstannich mei de bus of trein, of pakt de fyts.

Dat is it resultaat fan it projekt de digitale OV-Coach, dêrt de gemeente no in oantal jierren mei wurket. Gemiddeld yn Nederlân leit dat persintaazje op 9%.

Woansdeitemiddei wie der op it gemeentehûs fan Burgum in ynformaasjebyienkomst foar âlden en bern om yn de kunde te kommen mei it projekt OV-Coach, dêr't ek ferfierder Arriva in grutte rol yn spilet.

Neffens wethâlder Doeke Fokkema soarget it derfoar dat de jongeren selsstanniger wurde en har dêrtroch selsfersekerder fiele. "Foar autistyske bern is it bygelyks in hiele spannend stap om no sels de bus of trein nei skoalle te nimmen, mar as bliken docht dat se dat hiel goed kinne, doare se ek oare saken oan te pakken."

Trefwurden: 
OV-coach Tytsjerksteradiel
(Advertinsje)
(Advertinsje)