GB Achtkarspelen hat soargen oer WMO- en learlingeferfier

16 mrt 2017 - 16:55

Gemeentebelangen Achtkarspelen makket him soargen oer de gunning fan it WMO- en learlingeferfier yn Noardeast-Fryslân. By de fjouwer partijen dy't it ferfier tenei regelje, sit mar ien bedriuw út de regio. Gemeentebelangen wol fan b. en w. witte wêrom't dat sa is.

De partij makket him soargen oer de konsekwinsjes dy't it hat foar de oare taksybedriuwen yn de regio. Gemeentebelangen freget him ôf hoefolle banen it kostje sil, no't bedriuwen fan bûten de regio it taksyferfier dwaan sille.

De oanbestegingsproseduere is noch net hielendal rûn. Der kin noch beswier makke wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)