Plysje siket de eigeners fan berteleppels

Fan wa binne dizze berteleppels?
De plysje fan Ljouwert siket noch hieltyd de eigeners fan trije sulveren leppels. Dy kamen foar it ljocht by twa fertochten, dy't oanhâlden waarden nei in wenningynbraak. It duo hie in soad stellen guod yn besit. It measte dêrfan is weromjûn oan de eigeners, mar fan de leppels hat de plysje oant no ta de eigeners net fine kind.
Yn ien fan de leppels stiet: "Arend Gerrit Oosterhuis geb. den 15 october 1626". Wa't wit fan wa dizze leppels binne, kin kontakt opnimme mei it Woning Inbrakenteam Fryslân fia telefoannûmer 0900-8844.