Flylân krijt eigen edysje fan Monopoly-spul

16 mrt 2017 - 15:45

Flylân krijt in eigen fariant op it wrâldferneamde spul Monopoly. It spul wurdt folslein oanpast yn eilanner styl, sels it Monopoly-jild krijt in Flylanner draai. It idee komt fan Emmie van der Galiën, in Brabânse dy't al 13 jier op it Waadeilân wennet en der wurket by de VVV.

"Ik had vernomen dat het mogelijk was om een speciale editie te laten maken. Het is echt het officiële Monopoly-spel, maar dan in een Vlielands jasje", sa fertelt Van der Galiën. Der wurde 2000 spullen makke.

Toeristyske trekpleisters, eilanner aktiviteiten, tradysjes en bedriuwen wurde allegear ferwurke yn it spul. "Voor iedere vakantiegast en ook de eilanders zelf is het zeer herkenbaar. Het is een uniek souvenir om mee naar huis te nemen."

De Flylân-edysje komt út yn juny en is allinnich te keap op it eilân of fia de webside vlielandspel.nl.

Trefwurden: 
Monopoly Flylân VVV
(Advertinsje)
(Advertinsje)