Ljouwerteradiel ek klear mei tellen: CDA is de grutste

16 mrt 2017 - 15:42
Gemeente Ljouwerteradiel

As lêste yn Fryslân hat ek de gemeente Ljouwerteradiel niiskrekt de útslach fan de Twadde Keamerferkiezingen bekend makke. It CDA is yn Ljouwerteradiel as grutste partij einige, folge troch de VVD en SP. De PvdA einige op it fjirde plak, ferline kear wie dy partij noch de grutste.

Goed 85% fan de ynwenners fan Ljouwerteradiel hat syn stim útbrocht. It duorre lang foardat Ljouwerteradiel syn útkomst iepenbier meitsje koe. De gemeente hie te krijen mei flaters by it tellen en mei kompjûterproblemen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)