Frou wurdt net goed, dieven stelle har beurs

16 mrt 2017 - 13:44
Foto: ANP XTRA

De plysje fan Ljouwert hat woansdeitemiddei twa dieven fan 35 en 40 jier oanhâlden nei stellerij yn de Bilgaardpassaazje. It duo hie de beurs stellen út de tas fan in frou dy't net goed waard. Se diene dit doe't it slachtoffer holpen waard troch minsken. Nei it besjen fan de kamerabylden hat de plysje de fertochten herkend en oppakt.

(advertinsje)
(advertinsje)