Utslach Ljouwerteradiel mooglik pas om fiif oere

Stimme © ANP XTRA
De útslach fan de Twadde Keamerferkiezingen yn Ljouwerteradiel komt mooglik pas om fiif oere fan 'e middei. Dat lit de gemeente yn in parseferklearring witte. By in kontrôle fannacht op it gemeentehûs die bliken dat der flaters makke wiene by it tellen fan de stimmen op ien fan de stimburo's. Dy stimmen binne dêrnei opnij teld.
Doe't dêrnei de útslach yn de kompjûter set wurde soe, wiene der problemen mei de software. Dêrop is besletten earst op bêd te gean en fan 'e moarn mei help fan kompjûterdeskundigen fierder te gean mei it ynfieren fan de gegevens. Dat is oant no ta lykwols noch net slagge. De gemeente giet der fanút fan 'e middei om fiif oere in útslach te hawwen, mar seit syn uterste bêst te dwaan dy earder nei bûten te bringen.
De útslach fan de gemeente Dongeradiel is yntusken wol bekend. Ek dêr wiene fannacht telproblemen. Dêr is it CDA de grutste partij wurden. De partij krige by de lanlike ferkiezings juster 30% fan de stimmen, yn 2012 wie dat hast 23%. De VVD einige as twadde mei 12,6%, mar ferlear wol hast 3% yn fergeliking mei 2012. De PVV waard tredde mei 11,2%.
De PvdA ferlear yn Dongeradiel ek in soad stimmen, fan 26% nei 5%. De útslach kaam tongersdei pas nei 12 oere binnen. It liet lang op him wachtsje om't der yn Dongeradiel ek stimd wurde koe op in nije namme foar de fúzjegemeente dêr't Dongeradiel aanst yn op giet. Freed wurdt bekend wat de nije namme fan de fúzjegemeente wurdt.