Marianne van Hall foardroegen as nije wethâlder Ljouwert

Harry van der Molen en Marianne van Hall © Twitter, @harryvdmolen
Marianne van Hall wurdt troch it CDA foardroegen as nije wethâlder fan Ljouwert. Sy moat Harry van der Molen opfolgje, hy wurdt Twadde Keamerlid foar it CDA. Van Hall wie direkteur fan de stichting Kinderopvang Leeuwarden en fan Sinne berne-opfang. Se sil de taken fan Van der Molen oernimme oant de riedsferkiezings yn Ljouwert, dy't yn novimber hâlden wurde. Op Twitter neamt Van der Molen syn beëage opfolger "waarm" en "kundich".