Harns docht oanjefte tsjin projektûntwikkeler Klaver

16 mrt 2017 - 11:44

Projektûntwikkeler Wopke Klaver wurdt troch wethâlder Boon fan de gemeente Harns oanklage fanwege smaad, laster en bedriging. Ek in gemeente-amtner ûndernimt juridyske stappen tsjin him. Klaver en de gemeente hawwe al langer striid oer de útfiering fan in tal projekten, wêrûnder wenwyk Ludinga yn Harns. De gemeente fynt dat de maat no fol is. Klaver stjoert neffens har geregeld brieven rûn, wêryn't er de wethâlder en de gemeente-amtner persoanlik ferantwurdlik hâldt foar it mislearjen fan in tal fan syn projekten.

Harns fynt dat dêrmei de yntegriteit fan beide minsken oantaaste wurdt. Yn oerlis mei advokatekantoar Anker en Anker is dêrom no besletten oanjefte tsjin Klaver te dwaan.

Wopke Klaver hat fia in mail reagearre. Hy seit dêryn dat hy ferbjustere is en sels al earder om strafrjochtlik ûndersyk nei eventuele belangeferfrisseling fan de wethâlder frege hat. Fierder ûnthâldt hy him fan kommintaar.

De mail fan Wopke Klaver:

"Met verbazing heb ik kennis genomen van het voornemen van het gemeentebestuur van Harlingen aangifte te doen tegen mij wegens smaad, laster en stalking. Kennelijk ligt ook een aangifte voor van wethouder H. Boon van de gemeente Harlingen en de gemeenteambtenaar van Harlingen wegens bedreiging resp. smaad en laster. Ik kan niet anders zien, dan dat de betreffende aangiften een poging zijn mij de mond te snoeren over het functioneren van de bestuurders van Harlingen en de betrokken ambtenaar. Ik zal echter van mijn recht vrijelijk mijn mening te geven over dit functioneren van betrokkenen gebruik blijven maken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)