Bert Kuiper hat betrouwen yn kabinet mei CDA

Foar foarsitter fan it CDA yn Fryslân Bert Kuiper is it dúdlik: it CDA komt yn it nije kabinet. De partij groeit troch de Twadde Keamerferkiezingen fan woansdei fan 13 nei 19 sitten. Kuiper hat der in soad betrouwen yn: "wy binne in bestjoerderspartij, wy wolle ferantwurdlikheid. Ik bin derfan oertsjûge dat it goed is foar Nederlân dat it CDA yn it regear sit." Neffens Kuiper soe in gearstalling fan VVD, CDA en D66 yn elts gefal logysk wêze, hokker partij dêr noch by moat wit hy net.