Hearrenfean brûkt wurkbonnen om minsken oan baan te helpen

© ANP XTRA
Om mear minsken oan in baan te helpen, makket de gemeente Hearrenfean oant ein takom jier gebrûk fan wurkbonnen. Dat betsjut dat wurkjouwers 3000 euro krije as se ien dy't al langere tiid sûnder wurk sit, in baan jouwe. De gemeente set foarearst 35 fan sokke wurkbonnen yn. De earste is al brûkt. As yn de rin fan dit jier bliken docht dat it in sukses is, wurde der mooglik mear bonnen beskikber steld.