CDA yn Fryslân de grutste

It CDA is de grutste partij yn Fryslân wurden by de Twadde Keamerferkiezingen. De partij helle goed 18 prosint fan de stimmen yn 22 fan de 24 Fryske gemeenten. Dongeradiel en Ljouwerteradiel komme pas letter op de dei mei de útslaggen. It CDA waard yn 12 gemeenten de grutste, de VVD yn 10 gemeenten. Dêrmei waard de VVD de twadde partij yn Fryslân mei goed 17 prosint fan de stimmen.
Wêr't it CDA foaral op it plattelân skoarde, wist de VVD ûnder mear te winnen yn Ljouwert en It Hearrenfean, eardere PvdA-bolwurken. It ferlies fan de PvdA wie dêr grut. Yn Ljouwert sakke de partij fan 40,2% nei 10,1% fan de stimmen, op It Hearrenfean fan 38% nei 10,6%. De PVV wurdt yn Fryslân nei it CDA en VVD de tredde partij fan Fryslân.