Winst 50Plus 'opstekker' foar Theun Wiersma

16 mrt 2017 - 04:57

"It is in opstekker foar de partij" dat 50Plus fjouwer sitten helle hat by de Twadde Keamerferkiezingen. Dat seit Theun Wiersma fan Drachten, de nûmer alve op de kandidatelist. Wiersma fynt it 'hiel posityf' dat de partij stadichoan groeit. De lêste tiid moast listlûker Henk Krol it allinnich dwaan yn de Twadde Keamer, omdat Norbert Klein in eigen fraksje begûn wie. In tal wiken lyn stie 50Plus noch op 11 sitten yn de peilingen. Wiersma wie dêrtroch 'firtueel' yn de Twadde Keamer kommen. Troch flaters fan foaroanman Krol gie dat net troch.

Wiersma tinkt dat potinsjele 50Plus-kiezers no mooglik dochs op it lêste momint oerstapt binne nei de VVD. "Miskien hiene wy ús njonken it werombringen fan de AOW-leeftyd nei 65 jier ek profilearje moatten op oare terreinen lykas soarch en wurkgelegenheid", mient Wiersma. De Drachtster is lid fan it haadbestjoer fan 50Plus en wurket yn syn deistich libben by It Fryske Gea.

(advertinsje)