Jan Dijkgraaf (GeenPeil): Het is nu tijd voor vakantie

It is Jan Dijkgraaf fan Eastergea net slagge om mei syn nije politike partij GeenPeil in sit te krijen yn de Twadde Keamer. "Het is natuurlijk een teleurstelling omdat je het hoopt, maar aan de andere kant hadden wij de afgelopen dagen al geanalyseerd dat het heel moeilijk zou worden", sa seit Dijkgraaf. "Wij hadden te weinig mensen, te weinig geld en te weinig tijd om het goed te doen. En dan kun je hopen dat je in een soort flow komt, maar dat is gewoon niet gelukt."
Neffens Dijkgraaf leit it ek foar in part oan in gebrek oan oandacht dat der west hat foar syn partij. Hy makket in fergeliking mei Forum voor de Democratie, dy't op twa sitten stiet yn de lêste tellingen. Dy partij wie troch ferskate argewaasjes faak yn it nijs. "Wij hebben veel meer belangstelling gehad uit het buitenland dan uit Nederland. Tot en met Hong Kong, Finland en Tsjechië hebben we media op bezoek gehad."
GeenPeil is lykwols noch net klear. It ferlies fan dizze Twadde Keamerferkiezingen is in learmomint en Dijkgraaf wol syn politike idee graach fierder ûntwikkelje, om it dêrnei yn te setten op oare politike poadia: "Wij willen volgend jaar bij een aantal gemeenten meedoen met GeenPeil. We zijn een platform aan het bouwen, en dan kan elke politieke partij landelijk of gemeentelijk het gebruiken. En de kans is aanwezig dat ik hiermee mee ga doen in De Fryske Marren." Mar foardat Dijkgraaf dêroan begjint hat er earst noch in oare prioriteit: "Het is nu eerst tijd voor vakantie."