Lokkige Harry van der Molen: Graach mear Friezen yn Keamer

16 mrt 2017 - 03:50

"Ik bin in lokkich man." Dat seit CDA-er Harry van der Molen fan Ljouwert nei oanlieding fan de útslach fan de Twadde Keamerferkiezingen. It CDA pakt 19 sitten en dat bestjut dat de partij op de wei werom is. Yn 2012 skoarde it CDA histoarysk leech mei 13 sitten. "We ha yn 2012 in smak makke, mar it CDA werstelt him no op it nivo fan foar dy ferkiezingen. Dit is wat my oanbelanget in tuskenstap", seit Van der Molen, dy't sels 8e op de kandidatelist stiet.

De CDA-er is der 'hartstikke wiis mei' om keamerlid fanút Fryslân wei te wurden. Van der Molen hie graach mear Friezen yn de Twadde Keamer sjoen. Foarearst binne hy en VVD-er Aukje de Vries de iennichsten yn Den Haach. "We sille oparbeidzje moatte om it moaie dat we yn Fryslân ha ek yn Den Haach út te fenten. Dêr sette we de skouders ûnder", sa seit Van der Molen.

De Ljouwerter sil tongersdei al syn earste fraksjegearkomste yn it Twadde Keamergebou meimeitsje. "Ik haw der hiel bot nocht oan", seit er. It CDA yn Ljouwert sil tongersdei bekend meitsje hokker persoan Harry van der Molen opfolgje sil as wethâlder fan de gemeente Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)