Aukje de Vries (VVD) is wiis mei de ferkiezingsútslach

16 mrt 2017 - 03:28

Aukje de Vries fan Ljouwert is ien fan de twa Friezen dy't de kommende regearingsperioade yn de Twadde Keamer plaknimme mei. Har partij VVD is mei 31 sitten de grutste partij fan Nederlân. "It sjocht derút as in moai resultaat," sa lit de nûmer 18 fan de list witte, "benammen om't wy foar de tredde kear op rige de grutste partij wurde."

Yn guon analyzes wurdt wiisd nei de Turkije-rel dy't mooglik in rol spile by de ûnferwacht grutte 'oerwinning' fan de VVD, mar De Vries tinkt net dat it allinnich dêr oan te tankjen is.

"Ik fyn dat dreech om oan te jaan. Ik tink dat dêr noch wol genôch analyzes op los litten wurde sille. Der wie te sjen dat der noch genôch kiezers sweefden. En ik tink dat minsken wol sjoen hawwe dat wy as VVD ús ferantwurdlikheid naam hawwe, yn in perioade dat it tige dreech wie. En dat se ús dêr it fertrouwen dochs wer foar jûn hawwe."

No't de VVD opnij de grutste partij liket te wurden, krije se ek wer de lieding oer in nij te foarmjen kabinet. Dochs binne mooglike koälysjepartners noch net in ûnderwerp by de VVD op de jûn fan de ferkiezingen, sa seit Aukje de Vries: "Eins wurdt dêr noch net oer praat, benammen om't it no noch exitpolls binne. Dêr is it no gewoan noch te betiid foar."

(advertinsje)