Christa Oosterbaan: "Dit is een grote klap voor ons"

16 mrt 2017 - 01:23

It grutste ferlies ea foar de PvdA betsjut net de ein fan de sosjaaldemokrasy. Dat seit Christa Oosterbaan fan Skylge. Se reagearret op it grutte ferlies fan de PvdA. De partij ferliest sa't it no liket 29 fan de 38 sitten dy't it yn 2012 helle hat en komt foarearst út op 9 sitten. Christa Oosterbaan stiet 20e op de kandidatelist en komt dus net yn de Twadde Keamer. "Dit is een grote klap voor ons, we wisten dat we zouden verliezen", seit Oosterbaan, dy't it hat oer in "ellendige avond".

De PvdA hat net genôch sjen litte kinnen wat de resultaten fan fjouwer jier regearjen west hawwe, seit de Fryske kandidate. Oosterbaan bestriidt mei klam dat dit 'de teloargang' fan de sosjaaldemokrasy wêze kin. "Welnee! Morgen staan wij weer op en knokken we weer verder", sa bliuwt se hoopfol. No't Oosterbaan net yn de Keamer komt, wol se de kommende jierren in ferbiner wêze tusken Fryslân en de PvdA-fraksje yn Den Haach.

Skylge

Op it eigen eilân fan Oosterbaan hat de PvdA ek gjin goeie resultaten helje kind. Op it eilân bedarret de partij op in tredde plak mei sa'n 12 prosint fan de stimmen. Fjouwer jier lyn krige de PvdA op Skylge noch hast 30 prosint fan de stimmen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)