VVD grutste yn Ljouwert; PVV krijt mear stimmen as PvdA

© Omrop Fryslân, Sybren Terpstra
In histoaryske útslach yn de foarhinne sa reade gemeente Ljouwert. De VVD is de grutste partij yn de Fryske haadstêd mei 15,2%, folge troch D66 mei 13,1%, GrienLinks mei 12,8% en de SP mei 12%. It CDA is no de fyfde partij fan Ljouwert mei 10,7%.
De PVV krijt 10,5% fan de stimmen en dat is mear as de PvdA mei 10,1%. De PvdA ferliest yn Ljouwert mar leafst 31,1% fan de stimmen. De Partij voor de Dieren krige de foarkar fan 4,4% fan de Ljouwerters, de ChristenUnie krige 3,5% fan de stimmen. 50+ krige 2,8% fan de stimmen.
Mear ynformaasje en útslaggen kinne je fine yn ús liveblog.