CDA de grutste partij yn Súdwest-Fryslân

15 mrt 2017 - 23:47
Daphne Leeuwen wie de lêtste stimmer yn Arum - Foto: Suwarda Vis Algra

Súdwest-Fryslân wie woansdei de earste grutte gemeente fan Nederlân dat alle stimmen teld hie. Net de VVD, mar it CDA is hjir de grutste partij. It CDA helle hjir 22,7% fan de stimmen tsjin 18,7 foar de VVD. De PVV is de tredde partij yn de gemeente mei 11,1%, de SP de fjirde mei 9,7% en D66 de fyfde mei 9,6%.

De formaasje Nieuwe Wegen fan Snitser Jacques Monasch kaam ek yn Súdwest-Fryslân net fierder as 0,6%. De opkomst yn Súdwest-Fryslân wie 84,1% en dat is folle mear as yn 2012, want doe kaam 77,9% fan de stimmers opdaagjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)