Jesper Hospes ferliest yn finale Sulveren Bal

15 mrt 2017 - 22:48

Reedrider Jesper Hospes is der woansdei yn Ljouwert net yn slagge de Sulveren Bal te winnen. Yn de finale moast er it opnimme tsjin Kai Verbij en Dai Dai Ntab. Dy lêste, in Nederlanner mei in Senegaleeske heit, wûn de wedstriid yn de Alvestêdehal. Ronald Mulder die ek mei, mar hy foel earder út mei in blessuere.

By de froulju giet it tusken Michelle de Jong, Floor van den Brandt en Dione Voskamp. Floor van den Brandt wûn úteinlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)