Mar twa Friezen feroverje sit yn nije Twadde Keamer

15 mrt 2017 - 22:23

Op basis fan de exitpolls feroverje mar twa ynwenners fan Fryslân streekrjocht in sit yn de nije Twadde Keamer. It giet om de Ljouwerters Harry van der Molen, de nûmer 8 op de list fan it CDA, en om Aukje de Vries, de nûmer 18 op de list fan de VVD. Mei mar twa direkt keazen keamerleden is Fryslân ûnderfertsjintwurdige yn it parlemint.

Nei de foarige keamerferkiezingen hie Fryslân noch fiif direkt keazen keamerleden. Dat wiene doe Lutz Jacobi en Jacques Monasch (PvdA), Sander de Rouwe (CDA) en Aukje de Vries en Anne-Wil Lucas foar de VVD.

De oare Fryske kandidaten steane te leech op de list om direkt in sit yn it parlemint te bemachtigjen. Isabelle Diks fan GrienLinks, stiet mei har 19e plak, noch ridlik tichtbij en komt mooglik letter yn de Twadde Keamer as GrienLinks in plakje krije soe yn it nije kabinet. Yn de lytse nije PvdA-fraksje sit, foar it earst sûnt hiel lang, net ien keamerlid út Fryslân. Ek Gerben Huisman fan de ChristenUnie (plak 11), Theun Wiersma fan 50+ (ek plak 11) en Max Aardema fan de PVV (plak 25) lykje net yn de keamer te kommen. Itselde jildt foar de oanfierder fan de nije politike formaasje Nieuwe Wegen, Jacques Monasch fan Snits, en foar Jan Dijkgraaf fan GeenPeil.

As je Friezen om utens meirekkenje komme der mear Friezen yn de nije Twadde Keamer. It giet dan om minsken as Halbe Zijlstra fan de VVD, Dennis Wiersma fan de VVD, Pia Dijkstra fan D66 en Theo Hiddema foar it Forum voor Democratie.

(advertinsje)
(advertinsje)