Skiermûntseach is earste mei de útslach

15 mrt 2017 - 21:52
De tellers op it gemeentehûs fan Skiermûntseach yn aksje - Foto: ANP

Skiermûntseach hat woansdei om 21.38 oere as earste gemeente yn Nederlân harren útslach fan de Twadde Keamerferkiezingen bekend makke. De opkomst wie 130 prosint. Dat komt troch it gutte tal gasten op it eilân. De VVD waard fierwei de grutste partij op it eilân, mei 20,4 prosint fan de stimmen. GrienLinks folget mei 14,6 prosint. De tredde partij waard it CDA mei 13,6 prosint.

De útslach fan Flylân folge 7 minuten nei dy fan Skiermûntseach. Op Flylân wie de opkomst 101 prosint. De VVD waard mei 29,6 prosint fan de stimmen dêr de grutste.

(Advertinsje)
(Advertinsje)