Stimbiljetten op yn ferskate stimburo's

15 mrt 2017 - 21:23

Yn Menameradiel hiene ferskate stimburo's te min stimbiljetten. Dat wie ûnder oare yn Deinum, Bitgummole en Berltsum it gefal. Dêrop binne ekstra stimbiljetten út oare plakken weihelle, ûnder oare út Wommels en út Harns. Elkenien koe sadwaande wol stimme. Gjinien is sûnder te stimmen nei hûs ta gien, fersekeret boargemaster Tom van Mourik fan de gemeente Menameradiel.

Der binne tusken de trijehûndert en fjouwerhûndert ekstra stimbiljetten besoarge. "Wy hiene wol wat mear ynkeapje kind", erkent de boargemaster.

(Advertinsje)
(Advertinsje)