Hege opkomst guon gemeenten, Ljouwerteradiel oant no ta 76%

15 mrt 2017 - 19:59
Foto: ANP

De Fryske opkomstsifers fan de Twadde Keamerferkiezingen lykje op guon plakken behoarlik heech út te fallen, ôfgeand op de stân fan saken fan likernôch 19.00 oere.

Opsterlân meldt dat 68 prosint fan de kiezers stimd hat, Tytsjerksteradiel sit op 72 prosint en Ljouwerteradiel op 76 prosint. Eaststellingwerf docht it ek goed mei 72 prosint. Twa stimburo's yn buorgemeente Weststellingwerf sitte ek boppe de 70 prosint,  Súdwest-Fryslân sit op 72 prosint. 

Op Skylge hat mear as 86 prosint stimd en Flylân 96 prosint, mar dêr stimme ek in soad toeristen.

Yn Menameradiel wurdt noch wachte op 30 prosint fan de stimmers. Dêr hat goed 70 prosint stimd. Achtkarspelen hellet dat mei hast 66 prosint net. Yn Harns binne se wat fierder mei dik 67 prosint.

Littenseradiel sit op 62 prosint en De Fryske Marren op 65 prosint, mar dat wie om 18.30 oere. Frjentsjerteradiel hie 61 prosint fan de stimmen binnen en yn Smellingerlân hie noch mar sa'n 47 prosint stimd.

Fjouwer jier lyn wie de opkomst yn Fryslân 77 prosint.

Trefwurden: 
Twadde Keamerferkiezing
(Advertinsje)
(Advertinsje)