Smellingerlân seit nee, Vermilion net bliid

15 mrt 2017 - 18:06
Gaswinning - Foto: ANP

Vermilion Energy is der net bliid mei dat Smellingerlân gjin tastimming jout foar seismysk ûndersyk. Sy "betreurje" it beslút dat de gemeenteried tiisdeitejûn naam hat oer de saak.

Vermilion hat it ûndersyk nedich om út te finen wêr't gas wûn wurde kin en ierdwaarmte as enerzjy brûkt wurde kin, saneamde geotermyske enerzjy. Nee sizze tsjin gaswinning giet neffens Vermilion foarby oan it feit dat der noch jierren gas nedich is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)