Jan Ykema: Koartere wedstriden mei lûd en muzyk

"It reedriden moat oars. Twa tsjininoar 5 km ride en dan 10 minuten wachtsje, dat hawwe wy wol hân. Koartere wedstriden mei ljocht en muzyk sprekt jongerein mear oan, lykas ôfrûne wykein by it WK shortrack yn Ahoy. It reedriden is yn beweging en de wedstriden om de Sulveren Bal kinne dêr in rol yn spylje." Dat seit organisator Jan Ykema.
De Suveren Bal is de lêste wedstriid fan it reedrydseizoen. Yn it toernoai nimme sprinters it tsjininoar op oer in ôfstân fan 100 meter.
It is de twadde kear dat de Sulveren Bal ferriden wurdt. De wedstriid is woansdeitejûn yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. It reedrydtoernoai is dit jier grutter as ferline jier. Net inkeld wat besikers, mar ek wat dielnimmers oanbelanget. Dit jier dogge 66 reedriders mei, ûnder wa Michel Mulder. Fierders dogge ek noch tolve junioaren mei.
De namme de Sulveren Bal is in knypeach nei de Gouden Bal. Dat wie in koartebaanwedstriid foar froulju op it wetter by de Prinsetún yn Ljouwert.