Postma mooglik yn kearnploech

Siler Pieter-Jan Postma keart mooglik ynkoarten werom yn de Nederlânske kearnploech. Postma en it wettersportbûn sitte letter dizze wike mei elkoar om tafel om dêr fierder oer te praten. De 29-jierrige Postma stapte yn 2009 út de kearnploech, om't hy ôfskie nimme woe fan syn trainer. It bûn wie it dêr net mei iens en Postma gie allinnich fierder. Beide partijen wolle it no bylizze yn de oanrin nei de Olympyske Spelen fan 2012 yn Londen.