Sealesintrum Tivoli yn Huzum slút doarren

15 mrt 2017 - 17:01

Kafee en sealesintrum Tivoli yn Ljouwert-Huzum slút de doarren. Foar 1 april moat eigener Arie van der Wal (73 jier) de boel oprêden ha. Goed 40 jier wie Tivoli it plak foar biljerters, fakbûnsbyienkomsten, mar ek foar de gewoane man. Binnen liket it oft de tiid stil stien hat: mei redens oan de muorre en kleedsjes op de tafels. "It docht sear om op te hâlden," fertelt Van der Wal. "We ha gjin besteansrjocht mear, we buorkje achterút. In pakesizzer woe it hiel graach oernimme, mar dat is net mooglik."

Toaniel en stakers

"It hie ek de funksje fan buerthûs foar Huzum, doe't dat noch echt in doarp wie. We wienen der foar elkenien, ek it ferieningslibben, lykas de damklup en it Huzumer Toaniel. Ek foar in gearkomste fan fiif man dienen we de doar iepen." Tivoli is ek fral bekend as it plak dêr't stakers har ynskreaunen. "Dat is begûn yn de tiid fan de Condens, dy staking duorre wol in wike. Letter kaam ek de metaalsektor derby."

Dûnsskoalle

Yn it gebou komt in dûnsskoalle, dus it gebou bliuwt bestean, allinne it hoarekapart ferdwynt. "Op dit momint ha ik der frede mei" beslút Van der Wal.

Trefwurden: 
Tivoli Huzum Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)