De Stijl Drachten kriget omtinken yn The New York Times

15 mrt 2017 - 16:52

In gay-pride-parade mei dielnimmers klaaid yn kleuren fan De Stijl is ien fan de dingen dêr't Drachten it Stijl-jier mei fiert. Dat stiet te lêzen yn in artikel yn de Amerikaanske krante The New York Times oer De Stijl. Der komme ek moadeshows en jazzkonserten, seit direkteur Paolo Martina fan Museum Drachten. “Elkenien wit dat Mondriaan fan jazz hâlde."

It jier 2017 is it jier fan De Stijl. It Van Doesburg-Rinsema-hûs yn Drachten giet yn juny iepen foar publyk. 

"In Drachten, in the northern Netherlands, “you feel de Stijl everywhere,” said Paulo Martina, director of the Drachten Museum." Der komme spesjale eksposysjes yn it hiele jier 2017 en ek famylje-aktiviteiten mei kleureworkshops.

Frysk

De bruorren Rinzema yn Drachten hiene begjin foarige iuw kontakt mei keunstners fan De Stijl, ûnder wa Theo van Doesburg, en mei de Dútske Dadakeunstner en dichter Kurt Schwitters. Dy brûkte sels de Fryske taal yn in 'lûdsgedicht'. Skilder Theo van Doesberg hat yn dy tiid ferskate kearen yn Drachten west. Theo Rinzema naam syn skilderstyl oer.

Trefwurden: 
Drachten De Stijl
(Advertinsje)
(Advertinsje)