Hans Schrijver giet oan de slach by ONS Snits

Hans Schrijver © awfoto.nl
Ald-trainer fan FC Groningen, Hans Schrijver, wurdt talintcoach en haad skouting by ONS Snits. Hy sil yn de mande mei Chris de Wagt ek in diel fan de trainingen op him nimme. Fierder moat hy der foar soargje dat jonge fuotballers har by ONS Snits better ûntwikkelje kinne. De klup fernimt dat it hieltyd dreger wurdt om goede spilers oan de klup te binen.