Wartenster krijt straf foar neppistoal

15 mrt 2017 - 16:25
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In man (23) út Warten hat woansdei in wurkstraf fan 100 oeren en in boete fan 225 euro krigen foar it hawwen fan in neppistoal. Hy hie syn freondinne mei it pistoal bedrige. Dat wie ferline jier op krystjûn. By de rjochter sei er dat syn freondinne him hieltyd bestookte mei telefoantsjes en berjochten. Hy waard dêr sa lilk fan, dat er har opsocht yn in jeugdkeet. Dêr sette hy it pistoal tsjin har sliep. De freondinne wist net dat it om in nepwapen gong en tocht dat er har deasjitte soe. De Wartenster treau har fan har kruk en gong wer fuort.

De rjochter hat by it bepalen fan de straf rekken hâlden mei in posityf rapport fan de reklassearring. De freondinne hie ek in skeaklaim yntsjinne, mar dy waard ôfwiisd.

Trefwurden: 
Warten neppistoal justysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)